Inloggen
Winkelmandje

Vanaf € 17,50 gratis verzending

U ziet onze winkelvoorraad

Welke lengte heeft u nodig?
/
U heeft 0 stuks nodig voor 0 euro incl. BTW
14,50
Zet op verlanglijst

Verschijningsdatum -> onder de artikelomschrijving

Indien voor 18.00u besteld: Levertijd; 1-2 werkdagen
Toevoegen aan favorieten
  • Altijd de laagste prijs voor nieuwe Nederlandstalige boeken
  • Bijna altijd een scherpe prijs voor kantoorartikelen
  • Gratis verzending vanaf € 17,50 (Binnen NL)
  • Retouren na mailoverleg met de winkel
  • Artikelomschrijving & specificaties
  • Documenten
  • Veel gestelde vragen

Barcode

Artikelomschrijving

Ik bin gek op auto's. Op gewoane auto's, mar foaral op sportauto's. Op de Porsche 911 Targa 4S bygelyks. Of op de Maserati Quattroporte. Ik sammelje ek foto's fan auto's. Ik knip se ut boekjes en dan plak ik se yn myn selsmakke autoplakboek. Ik skriuw der dan ek fan alles by. Technyske saken, lykas hoefolle pk dy auto hat. Of hoe hurd er kin. Dan kin ik it allegear goed unthalde. Fuotbal fyn ik ek moai.

Myn heit net. Dy haldt net fan sport. Mar dy fynt ek hielendal neat oan auto's. Hy hat it altyd drok mei syn angel en mei syn stomme fiskersboatsje. En der fyn ik wer niks oan. Ik soe eins wol in oare heit ha wolle. Ien dy't wol fan sportauto's haldt. En fan fuotbal. Mar in heit kinst net sels utsykje en ik ha no ien kear dizze. Dat is spitich, mar it is net oars. Of...?

De grutste bibliotheek mei ynternasjonale jeugd- en berneliteratuer yn 'e wrald: de Internationale Jugendbibliothek Munchen makket alle jierren in list mei "White Ravens" - in seleksje fan twahundert boeken fan hege kwaliteit ut tsientallen lannen en talen. En.... IN NIJE HEIT fan Thys Wadman is ien fan dy Wite Raven!

Fermelden op de IBBY-honourlist 2016. De Ibby (International Board on Books foar Young people) jout ien keer yn de twa jier in oersjoch fan berne- en jeugdboeken fan hege kwaliteit, utjun yn maar as 75 by de feriening oansletten lannen.

Nominearre foar de Simke Kloostermanpriis 2016.

Besjoch hjir it ynsjocheksimplaar

Resinsje troch Maria Del Grosso:

Wat in perfekt gehiel foarmet de utjefte In nije heit. De pear yllustraasjes dy't der yn steane, beslaan twa siden en jouwe op moderne wize de sfear fan it ferhaal wer. It boek is mei soarch gearstald, dat strielet der of. De 96 siden befetsje in protte wyt en dat makket it byld tige restich. De numering liket op it earste each ofwezich, mar blykt allinnich op de rjochtersiden te stean. Net underoan, mar rjochts yn it midden yn in klodde ferve. En nee, In nije heit giet lokkich ris in kear net oer skieden alden en de nije freon fan mem, wat de lezer yn earste ynstansje mooglik tinkt. It plot is gans orizjineler: haadpersoan Gerke, dy't sa tryst op it omslach stiet, freget foar syn jierdei in nije heit. Dy winsk hat yngripende gefolgen en de lezer freget him hieltiten of hoe't Gerke him hjirut rede sil. Eins ferwachtest in goed ein, mar ek hjir wer in ferrassing: Wadman kiest foar in iepen ein. Is it werom kommen fan Gerkes rechsek in teken dat syn heit Johannes ek werom is? De heit dy't net wachtsje wol mei kofjedrinken oan't mem Gerke op bed brocht hat en har alwer nei underen ropt. Of wat noch hurder oankomt by Gerke: de heit dy't nea mei giet nei syn fuotbalwedstriden en de heit dy't neat oan auto's fynt, wylst Gerke der gek op is. Syn heit hat it altiten drok mei syn angel ,,en mei syn stomme fiskersboatsje''. Dus freget Gerke oan syn mem om in nije heit. ,,It hoecht net iens in nijen te wezen. Hy mei ek wol brukt weze. Twaddehans, lykas by auto's!'' Mem hellet mei Harm yndie in nije heit yn 'e hus. Dan sjocht Gerke pas yn dat op elts wol wat oan te merken is. Sa is Harm in smoker en moat Gerke der neat fan ha. En de auto der't Harm sa oer swetst is mar in alde Opel, in wrak. As wie it noch net moai genoch, wol Harm ek nochris it fiskersboatsje fan heit ferkeapje. Gerke skeakelet syn buorfamke Laura yn om dat te kearen.
Taal: fry
Aantal pagina's: 96
Verschijningsdatum: 23-08-2023

Specificaties

Merk03064 Import
CategorieFictie 10-12 jaar
Tags 2200119618402 9789062734542
EAN Code
Per STUK:2200119618402
Per STUK:9789062734542
Artikelcode0011961840
VerpakkingSTUK

Stel een vraag over dit artikel

Winkelmandje

Wis filters

Filter

Annuleren
Bevestigen