Artikelomschrijving
Smelle ungelokken, se komme jin alle dagen oer. Gjin stof foar grutte literatuer, soe men sizze. Te sleau en te pynlik om oer te praten. In taboe der't dizze bondel lang om let mei ofweeft. Bremer en Hoekstra ha de klassike balladefoarm foar kar nommen om de universelens fan dit tema en syn yngreven belang foar it minskene bestean klear yn 't ljocht te setten. Sa nimme se de lezer mei fan foar de widze oant oer it gref.
Harke Bremer (1955) en Jarich Hoekstra (1956) skriuwe sunt har studintejierren tegearre. Fan harren ferskynde earder it satiryske heldedicht Leffert.
Taal: fry
Aantal pagina's: 56
Verschijningsdatum: 22-11-2022