Artikelomschrijving
Covid kin in oar minske fan ien meitsje. It oerkomt Jan de Vries (06-06-1952, Dinnestrjitte 53b, Ljouwert) as er op deselde dei yn Medysk Sintrum Ljouwert opnommen wurdt as Jan de Vries (06-06-1952, Ingelskestrjitte 28, Ljouwert). Fiif wike letter, as de dokters him better ferklearje en mei in taksy nei hus stjoere, stapt er in oar libben yn.
Men hearde wolris oer lytse poppen dy't op de kreamofdieling fan in sikehus ferwiksele waarden en mei de ferkearde heit en mem nei hus stjoerd waarden. Dat der soms ek alde mantsjes - under dy kategory foel er sa njonkelytsen - ferwiksele en nei in ferkeard hus stjoerd waarden, wie nij foar him.
Taal: fry
Aantal pagina's: 144
Verschijningsdatum: 22-11-2022