Inloggen
Winkelmandje

Vanaf € 17,50 gratis verzending

U ziet onze winkelvoorraad

Welke lengte heeft u nodig?
/
U heeft 0 stuks nodig voor 0 euro incl. BTW
29,95
Zet op verlanglijst

Verschijningsdatum -> onder de artikelomschrijving

Indien voor 18.00u besteld: Levertijd; 1-2 werkdagen
Toevoegen aan favorieten
  • Altijd de laagste prijs voor nieuwe Nederlandstalige boeken
  • Bijna altijd een scherpe prijs voor kantoorartikelen
  • Gratis verzending vanaf € 17,50 (Binnen NL)
  • Retouren na mailoverleg met de winkel
  • Artikelomschrijving & specificaties
  • Documenten
  • Veel gestelde vragen

Artikelomschrijving

De roman De Woeste Hichten is ien fan de bekendste leafdesskiednissen yn de wraldliteratuer. It is miskien ek wol de wreedste. It ferhaal spilet him of tsjin de achtergrun fan de unbidige heidefjilden fan Noard-Ingelan, op de twa boerepleatsen De Woeste Hichten en de Lysterpleats.

As de heit fan Cathy Earnshaw weromkomt fan in reis nei Liverpool docht bliken dat er in lyts jonkje bij him hat, dat er as funling op strjitte oantroffen hie. Hij is wat donker fan utsjuch en de suggestje is dat er fan sigeuners ofstamt. Heathcliff, sa wurdt er neamd, sunder achternamme, groeit op mei de suver like alde Cathy as lid fan de famylje. Mar as de heit fan Cathy stoarn is, en de aldere broer fan Cathy de baas wurden is op De Woeste Hichten, wurdt Heathcliff linkenoan degradeard ta in arbeider, sunder besit en sunder komof, en sunder sosjaal perspektyf.

Om dy reden trout Cathy uteinlik mei Edgar Linton fan de Lysterpleats, ek al haldt se allinne fan Heathcliff. Yn de wurden oan har eardere bernefaam Nelly: 'As ik no mei Heathcliff trouwe soe, dan soe ik mij ferleegje, dat hij sil noait witte hoefolle as ik fan him hald. En dat is net, Nelly, omdat er kreas is, mar omdat hij mear mijsels is as ik dat sels bin. Wer't us sielen ek fan makke binne, sinent en minent binne deselde [...] Hij is it der't yn myn libben al myn tinken om draaid hat. As alles fergean soe, en hij bleau, dan soe ik ek noch bestean bliuwe. En as alles bestean bliuwe soe, en hij der net mear wie, dan soe it hele universum mij folslein frjemd wurde.'

Heathcliff wie foar Cathy har trouwen fuortgongen, mar komt nei in pear jier fol wraakgefoelens werom, wraak op Cathy har broer, wraak yn sekere sin ek op Cathy sels. Hij slingeret har de slimste ferwiten nei de holle: 'Do litst mij no sjen hoe wreed ast west hast - wreed en unoprjucht. Werom hast mij ferachte? Werom hast dyn eigen hart ferret, Cathy? Ik kin net ien wurd fan treast betinke. Do fertsjinnest dit. Do hast dijsels fermoarde [...] Want ellinde en sykten en de dea, en neat dat God of de Satan us oandwaan koenen, hienen us skiede kinnen, mar do, ut eigen frije wil, do hast dat dien. Ik ha dyn hart net brutsen - do hast dat dien, en hast derbij ek mines brutsen.'



De Woeste Hichten (1847), de iennige roman fan de jong ferstoarne Emily Bronte (1818-1848), is in unferjitlik en unmeilydsum boek fan in troch sosjale omstandichheden misbetearde hartstochtlike leafde. Nest Jane Eyre (1847) fan har suster Charlotte Bronte is De woeste hichten ien fan de bekendste romans fan de njoggentjinde iuw. Beide boeken binne no yn it Frysk te lezen.



Taal: fry
Aantal pagina's: 296
Verschijningsdatum: 20-06-2022

Specificaties

Merk87293 Import
CategorieVertaalde literaire roman, novelle
Tags 2200118693967 9789463654463
Artikelcode0011869396
VerpakkingSTUK

Stel een vraag over dit artikel

         

Winkelmandje

Wis filters

Filter

Annuleren
Bevestigen