Artikelomschrijving
Krekt as Paolo Lione fierder sil mei syn ynlieding, klinkt der in hurde gjalp troch de seal. 'Sjoch dan! Der!'
De iepening fan de tentoanstelling troch de wraldferneamde Italjaanske keunstner Paolo Lione wurdt wreed fersteurd as der in lyk yn in bed fan roazebledsjes yn de Prinsewyk under it Hearrenfeanster museum driuwt. It blykt in slim tatakele frou te wezen.
Resjersjeur Annet Hillema en har partner Marcel Pronk begjinne in undersyk. Annet ropt de help yn fan har eks-kollega, priveedetective Paul Graafsma. Dy bedarret yn de wrald fan de Italjaanske maffia. Neat is wat it liket, sa docht bliken.
Taal: fry
Aantal pagina's: 192
Verschijningsdatum: 06-11-2023