Artikelomschrijving
Bartele Buse is in jonkje mei in protte fantasy. Yn alles wat er sjocht, sjocht en heart er in ferhaaltsje. Thus begripe se dat net sa goed. Mar Skelte wol. Skelte is keunstskilder. Bartele komt faak by him oer de flier. De prachtichste ferhalen skildert Skelte him foar: oer kening Klomsk fan Kjeldmanie, dy't altyd sa kald as in kikkert is; oer de piperwynske prippuneze, dy't elkenien mar stekke wol; oer Stookstokke Styntsje en de krintekakkers fan Knyphuzen. Mar ek fan de fiif rovers op Fiifrovershoek wol Bartele alles witte. Hy harket mei san pear earen ...
Bartele Buse is in klassiker yn de Fryske jeugdliteratuer. It is skreaun troch Berber van der Geest (1938-2019).
Taal: fry
Aantal pagina's: 120
Verschijningsdatum: 05-10-2020