Artikelomschrijving
"Ik wit wol dat ik ald bin, mar der stean ik net by stil", sei Aggie van der Meer tsjin de lokale omrop neidat se de Gysbert Japickspriis 2019 wun foar har hiele oeuvre. It skriuwen giet troch, nettsjinsteande in heal lamme skonk, of in each dat op swart sprongen is. De tsjugen fan de macht is in boek dat sy perfoarst noch skriuwe woe. In famke is taskoger as de besetter de klokken ut de Martinitsjerke hellet. In jier letter is de besetter ferslein, mar de frijheid hat de minsken net feroare. Tusken beide tsjugenissen yn groeide in puzelfertelling oer macht en oer minsken. Wer't de puzel ophaldt, is noch altyd net krekt te sizzen.
Boadskippen ut dreamen, achterutfleanende krieen, burokratysk absurdisme, it mysterieuze, mar o sa ynfloedrike Hegerhan........... in mozayk sa't allinne Aggie van der Meer optekenje kin.
Taal: fry
Aantal pagina's: 140
Verschijningsdatum: 07-11-2019