Artikelomschrijving
Fryslan hat in hiele eigen skiednis, mei allerhande ynteressante ferhalen en minsken. En der kinst yn dit boek alles oer leze. It giet oer geheimtaal, de ko, de Romeinen, in eksoatyske spionne, Grutte Pier en Abe Lenstra. En wistesto dat "Fries" earder keapman betsjutte en dat Fryslan in eigen kening hie? Dat ast fjirtjin of fyftjin jier wiest al op de universiteit yn Frjentsjer sitte koest en dat der tusken 1880 en 1914 mear as 20.000 Friezen emigrearre binne?
Nee.... Dan wurdt it heech tiid datsto dit boek lest.
41 ferhalen oer de Fryske skiednis skreaun troch Erik Betten, Lida Dykstra, Janny van der Molen, Han Nijdam en Mindert Wijnstra. De yllustraasjes binne fan Aart Cornelissen.
Leeftyd: 10
Taal: fry
Aantal pagina's: 160
Verschijningsdatum: 25-09-2018
Verschijningsvorm: gebonden